Toneelvereniging ‘de Spegel’

Toneelvereniging   DE SPEGEL

 

“DE SPEGEL”

 

SPILET SNEON 18 FEBREWARIS 2012 IT BLIJSPUL

 

                              “TINK OM ‘E BUORLJU !! ”

Dokter Pil hat by syn jubileum in reis oanbean krigen en sil 4 wiken mei de frou

fuort, buorman van Dalen en ‘ e frou sille sa lang op it hûs passe. No hat ik feest foar

dokter gans mear koste as de kollekte yn it doarp opbrocht hat en Van Dalen, dy’t

skathâlder fan ‘e feestkommisje is, sit mei in tekoart fan sa’n  € 1500,00. Hy wol

besykje dat jild boppe wetter te krijen troch it doktershûs twa wiken lang oan

fekânsjegongers te ferhieren. Der komme pensjongasten , mar ek Jos, de dochter fan

de dokter, komt ûnferwachts in pear dagen thús…. It seit himsels dat der hiel wat

keunstgrepen útfûn wurde om alles yn goede banen te hâlden.